NK Fierljeppen

  • NK fierljeppen

Op sneon 25 augustus wurdt it Nederlânsk Kampioenskip Fierljeppen hâlden. Dit jier fynt de wedstriid plak yn de provinsje Fryslân en wol yn Drylts. Dy spannende sportdei is live te folgjen by Omrop Fryslân. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân hâldt Koos Wieling jo op ‘e hichte fan de wedstriid. De dei begjint mei in spektakulêre iepeningsact. De wedstriid set útein om 14:00 oere. Op Omrop Fryslân Televyzje en op Omroplive.nl is it NK live te folgjen fan 14:00 oere ôf oant de ein. It kommentaar komt fan Freark Wijma en Germ Stenekes.

It NK fierljeppen belooft dit jier in spektakel te wurden. Alle toppers fan Nederlân binne oanwêzich yn de ferskillende klassen. Grutte nammen as Bart Helmholt, Thewis Hobma, Ysbrand Galama en Jacco de Groot (út Hollân) sille alles op alles sette om it nasjonaal kampioenskip binnen te slepen. Der wurde tûzenen taskôgers ferwachte, omdat it fierljeppen de lêste jierren grutte belangstelling en publisiteit kriget, ûnder oaren mei de wedstriid ‘Red Bull Fierste Ljepper’ yn Breda. Boppedat stie de widze fan it fierljeppen yn Súdwest Fryslân.

NK Fierljeppen: sneon fan 13:30 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en fan 14:00 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)