Need op Freed fan 9 maart 2012

Wie it advys om alle hynstesporteveneminten te skrassen yn ferbân mei de útbraak fan it rhinofirus terjochte of net? Dizze fraach stiet sintraal yn Need op Freed. "Ik stean der noch hieltyd achter" seit Wiilem Luiten, haad wedstriidsport fan de hippyske sportbûn. Feedokter Marco de Bruijn neamt dat lykwols oerdreaun. Hynstefokker Wiebe Yde van de Lageweg is fanwege alle publisiteit bang foar de gefolgen foar de sport..

Keunstneresse Ypy Potlatch makket live in keunstwurk wêryn se ferbyldet hoe 't sy tinkt oer de plannen fan steatssiktaris Atsma om it staasjejild ôf te skaffen.

Roelof Lousma ferdjippet himsels ek noch yn in bysûnder dynamyske sport: fluchdamjen Frysk spul.

Dieuwke Kroese sjocht by it Frysk kampioensskip timmerjen en mitseljen yn Ljouwert. It is de foarronde fan it lanlik kampioensskip.

Dit skilderij is troch Yby Potlatch makke by Need op Freed fan 9 maart 2012 It is har protest tsjin de maatregel dy't steatssektaris Atsma nimme wol. It ôfskaffen fan staasjejild.


 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)