Need op Freed fan 8 febrewaris 2013

De situaasje yn Syrië grypt elkenien oan. De Syryske Ljouwerter Basel Kurdi makket him bot soargen oer syn famylje yn Damascus. Wijbe Abma bringt, út syn stânpunt yn Turkije wei, sels helpguod nei Syrië. En by de ynsammelingsaksje fan fotografe Elske Riemersma rint it stoarm. Yn Need op Freed Friezen yn aksje foar Syrië.

It karnavalswykein is oanbrutsen, en yn Venetië wurde dan spesjale maskers droegen. Karina van Lent út Wâldsein makket fan dy maskers en toant se by ús yn 'e studio.

Fansels is der ek wer in bekende Fries te gast as 'mystery guest', om pittige fragen te beäntwurdzjen yn it spul 'Roelofs Roelet'.

En yn de minút Magriet de Vries. Sy organisearret mei alve minsken in diner yn Sluiszicht om bouprojekten fan World Servants te stypjen.

jou dy op by info@sluiszicht.com
sjoch ek op www.facebook.com/groepworkumkoudum

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)