Need op Freed fan 7 desimber 2012

De deadlike mishanneling fan grinsrjochter Nieuwenhuizen ofrûne wykein yn Almere hat in soad ûnrêst en diskusje oproppen. Hy waard snein troch trije spilers fan 15 en 16 jier sa slim mishannele dat er letter ferstoar. Mar is in wykein gjin amateurfuotbal it antwurd tsjin de agresje op de fjilden, en wurdt der no thús en yn de kantines praat oer dizze saak?
En wy hawwe it ek oer de passy foar it fjoerwurk. Dat is de lêste jierren faak negatyf yn it nijs. Yn de studio komt in échte fjoerwurkleafhawwer fertellen oer syn passy en lit sjen wat der dit jier sa al te keap is foar de kommende jierwiksel.
Moast de mystery-guest dizze kear dwers troch waar en wyn nei de studio om by Roelof op de reade bank te kommen ? En yn de minút komt in busfol minsken út De Pein alfêst yn de kryststimming mei harren aksje foar it goede doel....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)