Need op Freed fan 6 april 2012

Sander Metz tocht snein dat syn dream útkaam...syn earste eigen teatersolo-sjo yn de Harmonie. Mar troch de 1-april seemyn (nepbom) moasten alle besikers teloarsteld nei hûs. Yn Need op Freed fertelt hy syn ferhaal.

Wout Minnema wurket mei jongerein yn Ljouwert. Hy fertelt oer de ympekt fan sosjale media op harren gedrach.

Yn it kader fan it nostalgy-wykein yn Need op Freed in ûnderdiel út de âlde doaze yn in nij jaske: de draaistoel. Sjouke Lousma praat mei âld-topsporter Harm van der Pal.

Yn de minút toeristyske ûndernimmers fan Achtkarspelen. Twadde peasekedei binne sy iepen foar publyk en der binne aardige aktiviteiten foar jong en âld.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)