Need op Freed fan 5 oktober 2012

Need op Freed is werom! De talksjo mei Roelof Lousma is wat oanpast, mar it doel bliuwt itselde. Amusemint, mei romte foar serieuze gesprekken en achtergrûnen by it nijs.
Yn dizze earste ôflevering fertelle trije bou-ûndernimmers oer de striid tsjin it fallisemint. Hoe grut is it drama as jo famyljebedriuw flak foar it 100-jierrich jubileum op de flesse giet?
Fryslâns bekendste DJ, Steff Da Campo, mikst yn de studio ús eigen Need op Freed partytrack.
En yn it nije ûnderdiel Roelofs Roelet leit in foar ús allegear ûnbekende, bekende Fries ûnder fjoer. Riedt mei wa't der by Roelof op 'e bank komt te sitten, en sjoch nei Need op Freed!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)