Need op Freed fan 30 novimber 2012

By de Voedselbank melde har hieltyd mear minsken dy't troch de krisis yn de problemen rekke binne. Gewoane, hurdwurkjende minsken dy't har baan ferlearen, en har hûs net kwytreitsje, bygelyks. De nije earmen, wurdt dizze groep minsken neamd. Ien gesin út Drachten is ree syn ferhaal te fertellen, yn Need op Freed.
En Fryslân's âldste held soe wolris in eksportprodukt wurde kinne. Meiwurkers fan de Triangle Studios yn Ljouwert lizze de lêste hân oan in game oer Grutte Pier. Se wolle it spul ynternasjonaal útbringe. Yn de studio litte se de game foar it earst oan de bûtenwrâld sjen.

Fansels is der ek wer in mystery guest, dy't it spannende spultsje Roelofs Roelet spylje sil. En de minút is dizze kear foar...Sinteklaas!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)