Need op Freed fan 27 jannewaris 2012

Aktrise Monique van de Ven krûpte yn de hûd fan Dokter Deen, de hûsdokter fan Flylân. Omrop Max stjoert "Dokter Deen" fan moandei ôf elke wike út. Se binne beide te gast yn Need op Freed om mei Roelof Lousma te praten oer it libben as dokter op in eilân en yn de dramasearje.

Gerrit Schermer is al 15 jier wykplysje yn Boalsert. Hy moast oansjen hoe't it geweld yn it útgeanslibben tanimt troch drank, drugs en komt yn aksje.

Dieuwke Kroese dûkt yn de wrâld fan it kickboksen nei oanlieding fan It's Showtime; it grutte kickboksgala oankommende sneon yn Ljouwert. Oan tafel prate wy hjir fierder oer mei sjoernalist en âld-kickbokser Jens Olde Kalter en boargermaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)