Need op Freed fan 26 oktober 2012

Drok, drok, drok, wa hat it net drok ? Gjin wûnder dat in soad minsken op syk binne nei rêst.... nei stilte. Mominten foar besinning en refleksje. Stichting Nijkleaster wol minsken dy gelegenheid biede yn Jorwert. Sy dogge dat mei fanút in protestanske eftergrûn. Mar it kin ek oars, fia mindfulness bygelyks. Yn Need op Freed stiet Roelof Lousma stil by dizze farianten fan besinning mei Sietske Visser, Annie Schilstra en Henk Kroes.

Bertina van den Berg fan Grou is nominearre as Sakefrou fan it Noarden. Se begûn 20 jier ferlyn mei har kapsalon, wreide dy út mei in beautysintrum en hat har yntusken spesjalisearre yn hierwurken, boarstprotezes en ûnderguod. Sy is te gast yn Need op Freed.

Fansels ûntbrekt ek de mystery guest net. Ried mei wa't dat is en sjoch hoe't hy of sy him/har steande hâldt by it fragefjoer yn Roelofs Roelet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)