Need op Freed fan 25 novimber 2011

Yn Need op Freed fan freed 25 novimber binne te gast by Roelof Lousma: Jelle Hiemstra, Marc de Bruin en Bas Hollenberg.

Jelle Hiemstra stapte út de steatefraksje fan de PVV en begûn de ienmanspartij Friese Koers. Ek Marc de Bruin en syn frou Froukje Kits binne te gast. Sy organisearre foar de 5e kear de Fryske Music Night. Ek te gast is Bas Hollenberg. Hy wûn de Noordelijke Ondernemingsprijs en praat oer de suksesformule fan kafee De Walrus yn Ljouwert en Snits. Dieuwke Kroese sjocht by it Occupy-kamp yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)