Need op Freed fan 25 jannewaris 2013

Hast alle pubers smoke wolris in kear in jointsje. Guon blowe faker, of sels daagliks. En dat is net sûnder gefolgen. Pepijn Nuiten en syn freonen blowden hast alle dagen. Om fan syn ferslaving ôf te kommen, betocht Pepijn syn eigen behannelplan. Hy filme himsels en syn freonen, yn de tiid dat sy 40 dagen sûnder weed besochten te libjen.

Op iis kinne je ride, mar Rolf Döderlein de Win makket der leaver wat moais fan. Hy is iiskeunstner en makket live yn Need op Freed in byld fan iis. As dat mar goed giet ûnder dy waarme studiolampen...!

Fansels is der ek wer in Mystery Guest útnoege om by Roelof op de bank in potsje 'Roelofs Roelet' te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)