Need op Freed fan 24 febrewaris 2012

Jûn oan de Need op Freed tafel Iris Kroes. DE Voice of Holland winner. Har earste single komt hjoed út en hoe giet it mei har. Hat se noch in eigen libben?

Oan tafel Henk Gemser oer de plannen fan it "nije Thialf" yn Almere. Wurdt dit in konkurrint fan Thialf op It Hearrenfean?

Ferslachjouwer Dieuwke Kroese is yn Thialf. Dizze wike natuerlik folop yn it nijs oer de nijbou, wat no dochs ferbou wurde sil. Dieuwke hellet tegearre mei Jan Ykema âlde herinnerings op yn it te ferbouwen Thialf. Jan Ykema, berne yn Harns, hat langebaanreedrider west mei as spesjaliteit de sprint. Tsjintwurdich is hy trener.

Ek yn de studio te gast Tjeerd Hiemstra en Evert Kramer. Sy prate mei Roelof Lousma oer boaiemfynsten. By de jierlikse taksaasjedei fan it archeologysk IIstidenmuseum yn Bûtenpost is in dobbelstien út de 3e ieu nei Kristus ûntdutsen. In moaie opstekker mar yntusken wurdt it museum wol mei sluting bedrige.

De 1-minuut is dizze wike foar it frijwilligersservicepunt. Sy wolle sjoggers oproppe om harren in dei of deidiel op 16 of 17 maart yn te setten foar in maatskiplike organisaasje.

Sjoch ek op www.nldoet.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)