Need op Freed fan 22 febrewaris 2013

Binnendoar waadrinne. Dat kin dizze wike yn it Natuurmuseum Fryslân. Alle skoalfakânsjes rint it museum fol bern en âlden, elke kear wer binne de tentoanstellings in grut sukses. Hoe spylje se dat dêr dochs altyd wer klear? Direkteur Gerk Koopmans fertelt hoe't it der om en ta giet yn it leukste bernemuseum fan Nederlân.
En no't de Keninklike Tichelaar ophâldt mei it meitsjen fan Makkumer ierdewurk, is Dirk Kuiken aanst de iennichste dy't it noch meitsje kin. Yn de studio lit hy sjen hoe. En leafhawwer en sammler Eric Lombaard lit in part fan syn kolleksje sjen.
De Mystery Guest sil ek dizze wike net ûntbrekke...riede Roelof en it publyk ek dizze wike wer wa't it is?

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)