Need op Freed fan 21 desimber 2012

Nei de alvestêdetocht is Johannes Rypma dit jier miskien wol de bêste ambassadeur fan Fryslân. Hy sette it populêrste tv-programma fan Nederlân nei syn hân. Massaal stimden sjoggers fan The Voice of Holland op Johannes, ek al kin hy neffens de sjuery net goed sjonge. Yn Need op Freed fertelt de Aldegeaster oer syn libben foar en nei 'The Voice'.

Net ien ûntkaam oan de krisis yn 2012. Oeral is besunigjen it devys. Hoe komme wy sa budzjetneutraal mooglik de krystdagen troch. Topkok Geert-Jan Vaartjes giet de útdaging oan.

En 2012 wie ek it jier wêryn't wy Roelofs Roelet yntrodusearden. Wa sil as lêste dit jier plaknimme op de bank as Mystery Guest? Ried mei en sjoch nei Need op Freed!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)