Need op Freed fan 20 april 2012

Cees Smedema hearde twa jier ferlyn dat syn soan Redmar nei fjochterij by Club Q yn Quatrebras om it libben kaam wie. Jongeren dy't by de fjochterij belutsen wiene waarden frijsprutsen fanwege gebrek oan bewiis. Oer dy perioade skreau Cees Smedema in boek. Hy fertelt deroer yn Need op Freed.

De 14-jierrige Froukje Cuperus fan Dokkum sil nei it EK foar majorettes yn Frankryk. Se komt tegearre mei har mem om te fertellen oer har spesjaliteit; de jeugd 3 aksessory basisklasse.

Teaterfoarstelling "it Geheim fan 'e Kanselier" rint op syn ein. Op 28 april is de lêste foarstelling. We prate mei gastspiler Piter Wilkens en ien fan de spilers fan Tryater, Arnold Dijkstra, oer de gearwurking.

Sneon is it nije provinsjehûs yn Ljouwert iepen foar publyk. Dieuwke makke alfêst in slach troch it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)