Need op Freed fan 2 novimber 2012

It stiet net letterlik yn it regearakkoart, mar it is wol in stip oan de hoarizon fan it nije kabinet: Fryslân, Grinslân en Drinte moatte op termyn ien lânsdiel wurde. Politisy dûkelje oer inoar hinne om te roppen dat dat wier NET kin. Mar wêrom eigentlik net? Yn Need op Freed sykje wy nei de mooglikheden en ûnmooglikheden.

Hantwurkje is hip, hânmakke produkten hat in pree. Dielnimmers oan de craftymerk Holy Stitch litte it sjen. Fansels is der ek wer in mystery guest dy't Roelofs Roelet spilet...en yn de minút sille wy dûnsje!!!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)