Need op Freed fan 2 desimber 2011

By Need op Freed skowe trije spesjale gasten by Roelof Lousma oan tafel.
De 63-jierrige pensjonearre bakker fan Stiens is dizze wike weromkommen fan in bysûndere foarm fan ûntwikkelingswurk. Hy learde yn Marroko fjirtjin froulju amandelspiis te meitsjen. Hy kocht in mangelparse en hat de froulju leard om lekkere koeken te meitsjen fan spiis.

Hoe is it om op je 24ste miljonêr te wurden? De no 29-jierrige Wim Beintema fan Dokkum wûn yn it Holland Casino de jackpot fan 2 miljoen euro en hy fertelt syn ferhaal. Sneon jout er yn Dokkum in Sinteklaasfeest foar bern mei âlden dy't it net breed hawwe.

Dan binne noch te gast Sannemaj Betten fan Sint Jabik en Joanna Hoekstra fan de Augsbuurt. Sy binne yn de race om jonge dichter 'des vaderlands' te wurden. Kinne sy yn in heal oere in goed gedicht meitsje en in ynspiraasjeboarne foar alle ploeterjende Sinteklaasdichters wêze?

En Dieuwke Kroese docht ferslach fan in wurkdei fan in âlde Piet dy't mar net ophâlde kin mei syn wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)