Need op Freed fan 19 oktober 2012

Donorwike yn Need op Freed.

Hy wachtet al 3,5 jier op in nije nier. Foar Lammert Kooi fan Ljouwert is it finen fan in donor fan libbensbelang.
Yntensivist Rik Gerritsen fan it Medisch Centrum Ljouwert wit hoe dreech it is foar de famylje, as in neiste krekt ferstoarn is en je dan beslute moatte om de organen beskikber te stellen.

Yn de kommende donorwike roppe bekende Nederlanners minsken op harren te registrearen as donor.
Dy kampanjes binne der al jierren, mar der binne hieltyd noch te min donoaren.

Presentator Roelof Lousma stelt it oan 'e oarder yn Need op Freed. Graffity-keunstner Klaas Lageweg lit him ynspirearje troch dit ûnderwerp.

En binne jo ek sa benijd wa't der as mystery-guest by Roelof op de bank komt te sitten?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)