Need op Freed fan 16 novimber 2012

Wikenlang hawwe miljoenen minsken sjoen nei prachtige bylden fan wide fiergesichten en romatyske tafrieltsjes yn de melkput. Mar is it boerelibben wol sa moai as Boer Zoekt Vrouw foarkommen docht?

Sietske Dijkstra, opgroeid op in pleats yn De Knipe, hat it hiel oars belibbe. Net foar neat ferhuze sy nei de stêd om te studearjen en te wenjen. Mar se hat ek hiele moaie en goeie eigenskippen oerhâlden oan har jeugd op de pleats. Se skreau der it boek "Van het erf af" oer. Mei ferhalen fan oare boeredochters dy't nei de stêd lutsen. Pauline, dielnimster oan "Boer zoekt vrouw" yn 2008 die it tsjinoerstelde. Sy liet Rotterdam achter har om gelokkich te wurden mei boer Jan yn Allingawier. Hoe wie dy oergong foar har?

Fierder noch yn Need op Freed: tsjerkegebouwen wurde tsjintwurdich oars brûkt, bygelyks om in breidsbeurs yn te organisearjen. En hokker bekende Fries soe dit kear de Mystery Guest wêze?

Sjoch it freed yn Need op Freed, mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)