Need op Freed fan 15 febrewaris 2013

Bernelokjen is fan alle tiden, mar tsjintwurdich bart it ek in soad fia ynternet. "Grooming" hyt dat. Yn chatboxen en op sosjale media besykje bernelokkers yn kontakt te kommen mei bern, mei úteinlik in seksueel doel. Soms is dat cyberseks, soms ek prate se yn it echt ôf mei de bern. Bern, mar ek âlden, steane faak net stil by de risiko's dy't se rinne op it web. Roelof praat hjiroer mei Karina Hellinga fan Fier Fryslân, en mei Sander Veenstra, ûndersiker by it lektoraat Cybersafety fan de NHL.

Foar as cupido juster - op Falentynsdei - mis sketten hat, litte heit Roel en dochter Sharon Postma sjen hoe't je sels mei pylk en bôge sjitte kinne. En ek dizze wike stiet der in Mystery Guest achter it skerm, dy't op de bank it spultsje Roelofs Roelet spylje sil.

en yn "de minuut" in oprop foar sponsoring fan it fytsen fan de Aple d'HuZes , in benefietavond op 2 maart yn partycentrum de Pleats yn Burgum en sneon 16 maart spinning. De opbringsten en ynliz binne foar medyske undersiken yfm kanker en sa ek de opbringst fan de feiling fan in signeard cambuur shirt en bal.

Foar mear ynfo; rdiekstra@abfryslan.nl
www.deelnemers.opgevenisgeenoptie.nl/teams/team-weelie-en-co-r

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)