Need op Freed fan 14 desimber 2012

Yn Need op Freed lûke wy freed de hannelsbannen mei Sina oan. Jierrenlang besykje Fryske bedriuwen yn it fiere easten in poat oan 'e grûn te krijen. Dat kin mei help fan hannelsorganisaasje WTC, mar der binne ek ûndernimmers dy't dat op gehiel eigen wize dogge. Oan tafel Evert Jan Schouwstra, direkteur fan it WTC Leeuwarden en Martin van Seijen, ûndernimmer yn Sina.

Ek dit jier sil de Ljouwerter sirkusdirekteur Sander Balk op paad mei syn krystsirkus. By ús jout hy in foarpriuwke.

Ek dit kear nimt in bekende Fries, plak op de bank foar in potsje Roelof's roelet.

En yn de minút romte foar it EK Dogdance yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)