Need op Freed fan 10 febrewaris 2012

Jûn yn Need op Freed

It wie fansels de wike fan it net trochgean fan de Alvestêdetocht. Immie Jonkman is de wurdfierder fan de 'Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden'. Sy hat in pear hektyske wiken achter de rêch. Jûn sit se oan tafel by Roelof Lousma.

De baanfeiers fan Balk en Starum ha noch pine yn 'e rêch fan alle ynspanning. Yn de útstjoering wurde in pear fan harren lekker bedoarn.

Gerda Joon komt fan oarsprong út Drachten; sy is de earste froulike Crew Chief fan in Dragraceteam yn de wrâld, Roelof Lousma wol hjir natuerlik alles oer witte!

Yn de 1-minuut fan: Peter de Vries is lieder fan de jonges fan D2 en D3 fan LacFrisia Ljouwert. Sy sille mei in fuotbaltoernoai yn Dútslân meidwaan en sykje sponsors. De opbringst is foar de bern fan Tsjernobyl.

http://frisia.sonnenscheincup.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)