Need op Freed fan 1 maart 2013

De gehakbaltsjes fan Ikea, bio-aaien dy't net bio binne, fiskstiks fan yllegale fisk. Neffens mastersjef Albert Kooy is de itensyndustry net te fertrouwen. Syn advys: sykje sels jo iten byelkoar, yt fleis fan in ko dy't je kinne. En hoe't je dat it bêste dwaan kinne, demonstreart hy mei syn studinten fan Stenden University yn de studio.

En fûgelwachter Geert Draaistra docht in moreel appel op syn kollega aaisikers. We kinne no noch sels beslute der mei op te hâlden, litte we de ear oan ússels hâlde. It aaisykjen is allang gjin tradysje mear. Lizze litte dus, dy aaien.

En it wie yn grut mediaspektakel, de pro formasitting fan de fertochte yn de saak Vaatstra. Omrop Fryslân ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie ien fan de twa sjoernalisten dy't by Jasper S yn de rjochtseal sitte mocht.

Dat en folle mear, jûn yn Need op Freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)