Need op Freed fan 1 febrewaris 2013

Fryslân wurdt oerspield mei wenningynbraken. Allinnich al yn de ôfrûne moannen waard der 57 kear ynbrutsen yn ús provinsje. De minsken dy't it oerkomt, fiele har faak hiel ûnfeilich. Yn Noardwest Fryslân is it ek nochris sa dat de ynbraken benammen dien wurde troch minsken út de omkriten. Soms sels bekenden. Roelof Lousma praat deroer mei slachtoffers, de plysje en boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel.

De abdikaasje fan keninginne Beatrix ynspirearret de learlingen fan de Mied'skoalle yn Winsum om in keunstwurk foar har te meitsjen, live yn de studio. Fansels is der ek wer in bekende Fries te gast as Mystery Guest. It publyk mei riede wat't it is, en dêrnei is it tiid foar in gesellich potsje 'Roelofs Roelet'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)