Muzyk yn Fryslân fan 20 oktober 2013

Ofskiedskonsert fan De Wiko’s te sjen by Omrop Fryslân.

Snein 20 oktober nimt it bekende stimmingsorkest De Wiko’s nei hast 45 jier definityf ôfskied fan harren publyk. De foarman fan De Wiko’s, Kobus Algra moat om syn sûnens ophâlde mei de muzyk. De Wiko’s pakke dêrom noch ien kear grut út mei in gala ôfskiedskonsert. It konsert sil hâlden wurde yn ‘e sporthal Schatzenburg yn Menaam. Omrop Fryslân sil dit konsert rjochtstreeks útstjoere op telefyzje en op Omroplive.nl.

In soad bekende Fryske artysten dogge mei oan dit ôfskiedskonsert. Njonken De Wiko’s sels mei Kobus Algra en drummer Sybe Krol, dogge ek Melle en Ciska Steensma fan orkest Butterfly mei. Ek sjongeressen Marjan Giesing en Loeky Westra dy’t eartiids mei De Wiko’s optreden hawwe, sille ek in oantal nûmers meisjonge. Fierder sille trompetblazer/saksofonist Folkert Hans Tolsma en de Fryske Paul de Leeuw, Jan de Haan mei De Wiko’s ek in oantal nûmers spylje. Fierder sille Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Griet Wiersma en Anneke Douma allegearre in eigen ferzje fan in Wiko’s nûmer hearre litte.

Ofskiedskonsert De Wiko’s: snein 20 oktober, rjochtstreeks te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje fan 16.00 oere oant 17.55 oere. En op www.omroplive.nl fan 16.00 oere oant 20.00 oere.

Diel dit berjocht op:
Muzyk yn Fryslân

Muzyk yn Fryslân

Muzyk yn Fryslân is in sammelnamme fan alles wat mei muzyk te krijen hat en útstjoerd wurdt op Omrop Fryslân telefyzje.
(advertinsje)