Muzyk yn Bedriuw fan 6 maaie 2015 09:00

De muzyklist is hjoed gearstald troch de 'Handwerkmarkt' yn Bûtenpost. Hannie Rienks kin ús der alles oer fertelle.

It is hjoed anty dieetdei. Dus foar ien kear meie jo hielendal út de bân springe. Efkes gjin kaloryen telle of fan dy sûne shakejes drinke, mar gewoan lekker snaaie. Mar wat kinne jo dan it bêste foar lekkere kalorybom klearmeitsje? Wat is no it alderlekkerste, as wy efkes net op 'e lijn lette? Wy freegje it oan ús eigen topkok Reitse Spanninga.

En fansels fleane wy der hjoed wer út! Wêr't de reis hinne giet? Femke smiet aanst it pylkje wer op de kaart fan Fryslân.

Hannie Rienks fan de 'Handwerkmarkt' yn Bûtenpost

Topkok Reitse Spanninga is gek op anti-dieetdei

It respept foar in hearlike Chipolata taart foar Mem!

Wy ha foar dizze taart gjin oven nedich en elkenien kin it meitsje!
Wat ha we nedich?

- 1 taart foarm fan Ø26cm
- 2 taart bodems fan Dr. Oetker
- 2 pakje “Mix voor banketbakkersroom” fan Dr. Oetker
- 4 dl volle molke
- 2 pakje roze glazuur fan Dr. Oetker
- ¼ liter slachrjemme
- 100 gram rezinen
- 20 bigareaux (gekonfijte kersen)
- 20 bitterkoekjes
- Brune rum

Klearmeitsje:
Wel de rezinen mei in ytleppel sûker en in glêske rum 3 oeren.
Krij in kom en doch dêr de kâlde molke yn.
Doch de twa pakjes bakkersrjemmepoeder derby en klopje it mei in garde der troch hinne.
Lit it mingsel 5 minuten opstiivje yn de kuolkast.
Klopje de slachrjemme stiif op en klopje it troch de kalde stive bakkersrjemme.
Set it mingsel werom yn de kuolkast.
Snij 10 bigareaux, 10 bitterkoekje fyn en doch se byelkoar. Hâld 10 bigareax en 10 bitterkoekjes appart.
Bedrip mei it rumfocht fan de rezinnen, lit de rezinen útlekke en docht dit der ek troch.
Ferming de bitterkoekjes, bigareaux en rezinen mei de Bakkersrjemme.
Set it op 'e nij werom yn de kuolkast.
Bedek yntusken de boaiem fan de Ø26 cm foarm mei de taartbodem.
Bedrip de bodem mei it focht fan de rezinen en rum. Doch de bakkers rjemme yn de foarm en ferdiel it oer de hiele boaiem.
Krij de twadde taartboaiem en lis dizz der boppe-op, in bytsje oandrukke en opstiivje litte yn de kuolkast.
Meitsje de Dr. Oetker roze glazuur, krij de taart út de kuolkast en doch de ring derôf.
Ferdiel de glazuur der oerhinne en ferdiel it mei in grut paletmes.
No noch 2 oeren in de kuolkast.
En dan kofje sette en taart ite op Memmedei!

Sukses! Én…. Lekker ite!
Reitse

09:06 - Linda Ronstadt - It's So Easy
09:08 - Rowwen Heze - November
09:15 - Sheppard - Geronimo
09:18 - Mary Hopkin - Those Were The Days
09:23 - Dana Winner - De Vlinders Achterna
09:26 - Alicia Keys - Empire State Of Mind (Part Ii) Broken Down
09:34 - Meat Loaf - Bat Out Of Hell
09:50 - Caro Emerald - That Man
09:53 - Guus Meeuwis & Marco Borsato - Schouder Aan Schouder
10:07 - Ub 40 - Breakfast In Bed
10:11 - Miss Montreal & Pascal Jakobsen - Ik Zoek Alleen Mezelf
10:15 - Tim Hardin - Reason To Believe
10:20 - Kiss - I Was Made For Lovin' You
10:21 - Britney Spears - Oops!...I Think I Did It Again
10:25 - Jay Ferguson - Thunder Island
10:31 - Simon And Garfunkel - Cecilia
10:34 - Doede Veeman - Beppe Tryntsje's Brij Bloese
10:37 - Omi - Cheerleader
10:44 - Leaf - New Song
10:53 - Sam Tsui & Casey Brieves - Thinking Out Loud / I'm Not The Only One Mash Up
11:04 - Calvin Harris - Summer
11:08 - Racoon - Guilty
11:14 - Linda Ronstadt & Aaron Neville - Don't Know Much
11:18 - Lenny Kravitz - Let Love Rule
11:24 - Scene - Blauw
11:32 - Paul Mccartney & Wings - Mull Of Kintyre
11:37 - Aerosmith - I Don't Want To Miss A Thing
11:44 - Meghan Trainor - Dear Future Husband
11:47 - Joey Dyser - 100 Years
11:54 - Triggerfinger - I Follow Rivers

Diel dit berjocht op:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 9.00 oant 12.00 oere.
(advertinsje)