Muzyk yn Bedriuw fan 26 septimber 2017 09:00

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Bedriuw fan de dei: Bentacera

It is hjoed Internationale Dag van de Social Media. Om dizze reden hat bedriuw Bentacera in list makke. Sy fine social media foar harren bedriuw ûnmisber. Wêrom? Dat hearst om 9:45! 

Janet oer de reade hân dy't stellen is

Wannear't de reade hân bûten stiet, binne wy iepene...en de kofje stiet altyd klear! Dat stiet op de webside fan de winkel New Design út Ljouwert. Mar wat as de reade hân fuorthelle is? Foar de twadde kear is it safier....de grutte design hân dy't foar de doar fan de winkel stiet, is wer fuort. Hoe? En troch wa? Dat is ûndúdlik. Johan bellet mei Janet fan de winkel. 

Piets Bootsma en alle frijwilligers fan wyksintrum Froskenburch Aldlân

En ek hawwe wy hjoed in tiisdeitopper! Net ien....mar in hiele groep frijwilligers! 

Diel dit berjocht op:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 9.00 oant 12.00 oere.
(advertinsje)