Muzyk yn Bedriuw fan 24 novimber 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Omrop Fryslân docht wer mei mei de Voedselbankaksje fan de regionale omroppen dy't holden wurdt fan 7 oant 18 desimber. Doel is safolle mooglik guod yn te sammeljen foar de itensbanken yn ús provinsje. Alle ynformaasje oer de aksje stiet op ús spesjale webside. By de itensbanken binne ek in soad frijwilligers oan it wurk. Wy wolle dizze frijwilligers ek ris yn it sintsje sette en ha ferskate itensbanken frege om in muzyklist yn te foljen. Hjoed stiet de itensbank fan Eaststellingwerf sintraal. Van Burgsteden fertelt oer it wurk en de frijwilligers fan dizze itensbank.

Sinteklaas kin fansels net oeral tagelyk wêze. Derom hat hy ek help-Sinteklazen en swarte Piten. In groepke minsken yn De Trynwâlden helpt Sinteklaas ek. Se litte harren ynhiere om as Sinteklaas en swarte Pyt by famyljes en ynstellings del te gean. It jild dat se hjirmei ferstsjinje skinke se wer oan bernetehuzen yn Roemenië. Dat fynt Sinteklaas in prachtich idee. Elly Kuypers is ien fan de inisjatyfnimmers en hat fêst ek noch wol tips foar oare kollega Sinteklazen en swarte Piten.

En fansels ha we ek dizze tiisdei wer in tiisdeitopper! Dit kear is it Lydia Boersma út Parregea. Sy wurdt nominearre as Tiisdeitopper troch Gerry Labordus. Lydia is de buorfrou fan Gerry har mem en past hiel goed op har. Lydia docht de boadskippen, rydt efkes hinne en wer nei de dokter, sjocht efkes om it hoekje. Gerry is dan ek mar wat wiis mei de goede soarch fan Lydia. En dêrom is sy hjoed de tiisdeitopper.

Frou Van Burgsteden fan de itensbank fan Eaststellingwerf

Elly Kuypers en Sinteklaas op besite yn de studio

Tiisdeitopper Lydia Boersma

09:05 - Queen - A Kind Of Magic
09:10 - Beatles - Hey Jude
09:17 - Common Linnets - Calm After The Storm
09:20 - Rolling Stones - Play With Fire
09:22 - U2 & Johnny Cash - The Wanderer
09:27 - Jan Smit + Damaru - Mi Rowsu (Ik Heb Een Tuintje In Mijn Hart)
09:34 - Meat Loaf - Bat Out Of Hell
09:44 - Boudewijn De Groot - Verdronken Vlinder
09:46 - Them - Gloria
09:54 - Katie Melua - Nine Million Bicycles
10:07 - Monotones - Mono
10:12 - Stevie Wonder & 98 Degrees - True To Your Heart
10:21 - Adele - Hello
10:25 - Vangelis - Conquest Of Paradise
10:33 - Agnes Sambrink - Mei Dy Leaf
10:48 - Waterboys - The Whole Of The Moon
11:08 - Byrds - Turn Turn Turn
11:12 - Anita Meyer - Why Tell Me Why
11:20 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
11:23 - Douwe Heeringa - Mathilde
11:25 - Dire Straits - Ticket To Heaven
11:33 - Raymond Van Het Groenewoud - Cha Cha Cha
11:37 - Van Halen - Jump
11:43 - Kensington - War
11:46 - Shanice - I Love Your Smile
11:51 - Pussycat - Mississippi

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)