Muzyk yn Bedriuw fan 24 augustus 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Hjoed is de muzyk útsocht troch buertferiening Trije yn Ien. Dat is de buertferiening fan de Striker, Kammingastrjitte en de Nijkamp op De Harkema. Sy organisearre in rommelmerk op sneon 29 augustus. Wieke de Haan sil ús hjir alles oer fertelle. Mar ..... it is hjoed ek in bysûndere dei foar Wieke. Wêrom, dat sille jimme wol hearre.

De simmer is hast foarby. Dus wer heech tiid foar kofjepraat.
Der komme wer allegearre nije nûmmers út op cd fan bekende mar foaral ek foar ûnbekende artysten. Dat hat dochs gjin sin? Der wurde hast gjin cd's mear kocht en draaid. Boppedat kinne jo ek fan alles downloade. En it is ek krekt as bringt elts dy't mar in bytsje sjonge kin, mar in nûmer út. Wy prate hjiroer mei Hessel Wijkstra, hy is radio dj mar sjongt ek. Hy hat krekt in nij nûmer útbrocht. Hoe sjocht hy hjir tsjinoan?

En we sjogge werom nei it wykein fan Wouter Jongstra fan De Like. Hy hat in meet en greet hân mei syn grutte idoal Vicky Leandros. Hoe is dat gien? Hat Wouter ek echt mei har praten? We binne tige benijd!

Wieke de Haan fan de trije buertferienings út De Harkema

Hessel Wijkstra oer syn nije cd

Wouter Jongstra fan De Like oer syn meet en greet

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)