Muzyk yn Bedriuw fan 23 juny 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

De muzyklist is hjoed gearstald troch de spilersgroep fan it Iepenloftspul yn Brantgum. Dêr wurdt op 24, 26 en 27 juny it stik De Ferskoppeling spile. Lammert Stellema sil ús fertelle wêr't it stik oer giet en wat dit iepenloftspul sa bysûnder makket.

De fuotbalfroulju fan it Nederlânsk alvetal spylje fannacht om 04.00 oere de belangrike wedstriid tsjin Japan. Om troch te gean op it WK moat der perfoarst wûn wurde fan de Japanse froulju. Mar lit dat no krekt de wrâldkampioen wêze. Japanners binne lykwols kampioenen yn mear sporten. De Koi karper fisksport bygelyks. Wa't tinkt dat der allinnich yn de fuotbalsport miljoenen omgeane op de transfermarkt, hat it mis. Ek yn de wrâld fan de Koi karpers ferwikselje topfisken foar grof jild fan eigener. Danny van der Veen fan Friesland Koi kin ús der alles oer fertelle.

De Tiisdeitopper is hjoed de 19-jierrige Christine Priestnall. Sy wennet op dit stuit noch yn Assendelft, mar fan kommend skoaljier ôf wennet se yn Fryslân foar har stúdzje HBO rjochten. Christine komt gereld by Bauke Bos oer de flier. Se hat ynteresse yn mûnen en giet regelmjittich mei Bauke te draaien op ien fan de poldermûnden dêr't hy frijwillich mûner is. As Christine hjir yn Fryslân wennet wol se de oplieding ta frijwillich mûner folgje. Dêrom is se no al drok dwaande om it Frysk ûnder de knibbel te krijen. Se sjocht elke dei in ôflevering fan Bear Boeloe op har tillefoan om it sa better ferstean te kinnen.

Lammert Stellema fan Iepenloftspul De Ferskoppeling

Danny van der Veen fan Friesland Koi

Tiisdeitopper Christine Priestnall

09:06 - Johnny Cash - Hurt
09:10 - Nancy Sinatra - These Boots Are Made For Walkin'
09:14 - U2 - Kite
09:18 - Paul Simon - Graceland
09:23 - Sting - If I Ever Lose My Faith In You
09:28 - Boudewijn De Groot - Avond
09:36 - Tracy Chapman - Fast Car
09:41 - Sa! - Jacht
09:49 - Rowwen Heze - November
10:07 - Whitney Houston - I Wanna Dance With Somebody
10:13 - Brendan Peyper - Stop, Wag, Bly, Nog 'n Bietjie
10:17 - Byrds - Ballad Of The Easy Rider
10:24 - Soft Cell - Tainted Love
10:25 - Duran Duran - Ordinary World
10:33 - Wiegels Wjukkelmasine - Frijheid
10:37 - Santana - She's Not There
10:43 - Incognito Feat. Jocelyn Brown - Always There
10:51 - Grytz & Grize + Johannes Rypma - Alle Dagen Dy
11:06 - Meghan Trainor - Lips Are Movin
11:09 - Dotan - Hungry
11:17 - Die Twa - Fryslan
11:20 - Joshua Kadison - Jessie
11:26 - Spencer Davis Group - Keep On Running
11:32 - Racoon - Oceaan
11:35 - Bob Dylan - Romance In Durango
11:42 - Rembrandts - I'll Be There For You
11:45 - Elske Dewall - This Game
11:50 - Jess Glynne - Hold My Hand

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)