Muzyk yn Bedriuw fan 18 april 2016 09:00

De muzyklist is hjoed gearstald troch de frijwilligers fan beurtskip St. Michael yn Aldegea Smellingerlân. It beurtskip waard ferline jier hielendal opknapt en fart wer. Inisjatyfnimmer Wietze Welling wol de frijwilligers mei in muzikale moarne betankje foar harren ynset.

Nije wike woansdei 27 april is it Keningsdei. Tradysjegetrou is dit de dei dat wy folop âld-Hollânske spultsjes dogge, lykas koekehappe en spikerpoepe. Mar elk jier wurdt der ek ien spultsje útroppen ta 'Hét Koningsdagspel'. Dit jier binne der sân spultsjes yn de race foar dizze titel. De striid giet tusken buikschuiven, tonnetje steken, ton knuppelen, spikerbroek hingje, auto rodeo en der binne twa Fryske kandidaten: it aaismiten yn Warkum en it mêstklimmen yn Akkrum. Mar op hokker spultsje moatte wy no stimme? Ut beide doarpen ha wy in fanatike promotor oan de telefoan. Pieter Westra is fan it aaismiten yn Warkum en Niek Roorda is fan it mêstklimmen yn Akkrum.

Wolst sels ek stimme? Dat kin op de facebookpagina fan de Staatsloterij!

Nei The Voice, Idols en Holland got Talent komme se yn Frjentsjer mei de aldernijste talenteshow: 'My pony got talent'. Ofrûne sneon organisearren se yn maneezje 't Spant de alderearste talenteshow foar 'viervoeters'. Hoe't dat krekt gong is? Wy freegje it oan ien fan de inisjatyfnimmers Iris van der Wal.

Wietze Welling fan Beurtskip St. Michael yn Aldegea

Wat wurdt it Koningsspel fan 2016? Aaismite of mêstklimme?

Iris van der Wal oer My Pony Got Talent

09:04 - Yvonne Elliman - If I Can't Have You
09:07 - Mavericks - Dance The Night Away
09:12 - Normaal - Oerend Hard
09:16 - Simon & Garfunkel - Bridge Over Troubled Water
09:21 - Fleetwood Mac - Everywhere
09:24 - Vader Abraham - 't Kleine Cafe Aan De Haven
09:32 - Bryan Adams - Summer Of 69
09:35 - Rod Stewart - Reason To Believe
09:39 - Piter Wilkens - It Paad Werom (Simmer 2000 Live)
09:53 - Abba - Dancing Queen

10:04 - Bruce Springsteen - Born In The Usa
10:09 - Ten Sharp - You
10:16 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
10:24 - Bonnie Tyler - It's A Heartache
10:27 - Captain Darlin' - 16 Days
10:35 - Knack - My Sharona
10:40 - Alcazar - Crying At The The Discoteque
10:45 - Nielson & Jiggy Dje - Hotelsuite

11:04 - Beatles - All You Need Is Love
11:08 - Cock Robin - The Promise You Made
11:14 - Dnce - Cake By The Ocean
11:18 - Dines & Mines - Smokersblues
11:21 - Albert Hammond - Free Electric Band
11:25 - Polle Eduard - Ik Wil Jou
11:32 - Jan Smit - Dan Volg Je Haar Benen
11:35 - Taylor Swift - Shake It Off
11:40 - Ub40 - Can't Help Falling In Love
11:44 - Syb & Wiebe Kaspers - De Koning Van De Weide
11:50 - Melanie - Lay Down
11:54 - Suzanne Vega - Luka

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)