Muzyk yn Bedriuw fan 17 maaie 2016 09:00

De muzyklist is hjoed gearstald troch it mediabedriuw In2Media út Ljouwert. Op in prachtich plakje yn de Ljouwerter binnenstêd wurkje tsientallen kreative geasten oan nije ideeën om merken en bedriuwen noch better op de kaart te setten. In2Media sit nammentlik boppe in kofjewinkel yn Ljouwert. Dêrmei is der altyd ynspiraasje genôch. Esther Jansma fertelt ús oan hokker projekten se op dit stuit wurkje.

It is hjoed 'Werelddag van de Telecommunicatie'. Wa't dêr alles fan wit is Freerk Kuperus. Hy hat in online telefoanmuseum. Op de webside www.telefoonmuseum.eu is alles te finen oer de skiednis fan de telefoan. Fan de alderearste telefoan út 1881 oant de hjoeddeistige mobyltsjes. Wy belje efkes mei him.

Us tiisdeitopper is hjoed Katy Sikkema út Dokkum. Katy is nominearre troch har dochter Wynalda. Har mem fertsjinnet de titel omdat se altyd foar elkenien klear stiet. Se sit boppedat yn tal fan ferienings. Sa sjongt se al jierren by it Toankeunstkoar en fersoarget de kadootsjes foar de ferlotting. Foar de feriening foar húsfrouwen organisearret se aktiviteiten en se skilderet omraak. Se makket prachtige skilderijkes foar elkenien dy't ferhuzet of syn jierdei hat. Jierrenlyn is Wynalda har heit al ris riddere, mar har mem fertsjinnet ek in titel. Sadwaande dat sy hjoed mei rjocht ús Tiisdeitopper is.

De tiisdeitopper fan hjoed is nominearre troch har dochter

Freerk Kuperus hat in online telefoanmuseum

Esther Jansma fertelt oer it wurk fan mediabedriuw In2Media

09:04 - Outkast - Ms.Jackson
09:09 - Kc & The Sunshine Band - Give It Up
09:13 - J.J. Cale - After Midnight
09:13 - Rolling Stones - Angie
09:25 - J.J. Cale - After Midnight
09:39 - Royksopp - Eple
09:46 - Prince And The Revolution - Purple Rain
09:50 - Eminem - Stan
10:07 - Paul Simon - You Can Call Me Al
10:11 - Depeche Mode - Enjoy The Silence
10:17 - One Direction - History
10:26 - Trini Lopez - If I Had A Hammer
10:31 - Steely Dan - Reelin' In The Years
10:36 - Simply Red - Sunrise
10:41 - Nielson & Jiggy Dje - Hotelsuite
10:50 - Police - Every Breath You Take

11:05 - Monkees - I'm A Believer
11:08 - Mr. Mister - Broken Wings
11:16 - Dj Dulac - Valse Lucht
11:20 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
11:26 - Peter Sarstedt - Where Do You Go To My Lovely
11:33 - Guus Meeuwis - Dit Lied
11:37 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
11:42 - Inez Timmer - Minsk
11:46 - Connells - '74 - '75
11:54 - Village People - Y.M.C.A.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)