Muzyk yn Bedriuw fan 15 oktober 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

In ferrassende muzyklist hjoed, dy't gearstald is troch De Wellingbar en De Skippersseal yn Aldegea (Smell.) Alle wykeinen is hjir wol wat te belibjen foar jong en âld. Sa stiet der no freed in koarejûn op it programma, dêr't koaren út eigen doarp en omlizzende doarpen fan har hearre litte. Ek de jeugd wit De Skippersseal goed te finen, want elke moanne is der in grutte XL Party. Sneon 31 oktober stiet de seal hielendal yn it ramt fan de Oktoberfesten. Willy Welling sil ús der alles oer fertelle.

Sis ris earlik: ha jo krekt nei de besite oan it húske jo hannen wol wasken? Wêrom't wy dat freegje? No, it is hjoed de 'Dei fan it hanwaskjen'. Mar, no kamen wy lêstendeis in nijsgjirrich artikeltsje tsjin oer in Amerikaanske wittenskipper, David Whitlock, dy't him al mear as tolve jier net dûst hat. En dan ferwachtsje jo in stjonkende man te treffen, mar minsken dy't him kenne sizze dat er der der hiel sûn útsjocht en absolút net stjonkt. Hoe kin dit? Wy freegje it oan Nina van der Weg, fan ynfeksjeprevinsje-bedriuw Icosa.

En fansels belje wy wer mei Mirjam Vellinga fan Praat mar Frysk oer wat har dizze wike opfallen is as it giet om de Fryske taal.

Willy Welling fan de Skippersseal en de Wellingbar

Nina van der Weg, fan ynfeksjeprevinsje-bedriuw Icosa

Mirjam Vellinga fan Praat mar Frysk

09:08 - Mavericks - Dance The Night Away
09:12 - Wiz Khalifa (Ft. Charlie Puth) - See You Again
09:17 - M People - Moving On Up
09:21 - Neil Diamond - Beautiful Noise
09:24 - First Aid Kit - My Silver Lining
09:27 - Exile - Kiss You All Over
09:33 - Avicii - Waiting For Love
09:37 - Meat Loaf - Two Out Of Three Ain't Bad
09:47 - Maaike Rients, Piter & De Kast - Simmer 2000 (Live)
10:08 - Roxette - The Look
10:13 - Seal - Crazy
10:17 - James Morrison - Demons
10:26 - Golden Earring - Twilight Zone
10:27 - Chris De Burgh - The Lady In Red
10:34 - 3 Doors Down - Kryptonite
10:38 - Four Tak - Het Geluk Dat Ik Miste
10:43 - Wiebe Kaspers - Jorwert
10:51 - Disclosure (Ft. Sam Smith) - Omen

11:09 - Nash Crosby, Stills & Young - Marrakesh Express
11:11 - Nick & Simon - Open Je Hart
11:22 - U2 - With Or Without You
11:28 - Kadanz - Intimiteit
11:34 - Journey - Don't Stop Believin'
11:38 - Cats - Rock 'n' Roll
11:43 - Boudewijn De Groot - Avond
11:50 - Sixpence None The Richer - Kiss Me

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)