Muzyk Maskelyn van 15 septimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Op sneon 2 maart fan dit jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer fjouwer divyzjes hawwe 14 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Fanfare 'Crescendo' fan Heech kaam út yn de tredde divyzje en spile twa wurken en in koraal ûnder lieding fan Meine Verbeek. Wy ha de opnamen en litte se hjoed hearre!
Harmony 'Euphonia' fan Wommels kaam út yn de earste divyzje en spile jûns yn de Drachtster Lawei ek twa wurken en in koraal ûnder lieding fan dirigint Rolf Verbeek en ek dy opnamen kinnen wy hjoed belústerje!

Oan de ein fan de útstjoering ha wy noch romte foar it ynspylwurk fan brassband 'Excelsior' fan Ferwert op datselde konsertkonkoers yn de Lawei. Dizze brassband kaam út yn de twadde divyzje en spile ûnder lieding fan Herman Sibma.

Op it ynternet litte wy nei it ynspylwurk fan brassband 'Excelsior' noch in wurk hearre fan in brassband. Hokker brassband, de titel en komponist is ús net bekend. De opname is makke op freed 1 febrewaris of sneon 2 febrewaris 1991 op it Brassband festival yn de Parktsjerke fan Ljouwert. It giet om in solowurk foar de ksylofoan. Wy wolle it graach witte!

Fanfare 'Crescendo' út Heech spilet ûnder lieding fan Meine Verbeek:
Liet 178 ( út it lieteboek foar de tsjerken )
't Ministerie van Fanfare - Jacob de Haan
Music for a Solemnity - Jan de Haan

Harmony 'Euphonia' út Wommels spilet ûnder lieding fan Rolf Verbeek:
Liet 178
Sidus - Thomas Doss
Armenian Dances ( Diel 1 ) - Alfred Reed

Brassband 'Excelsior' út Ferwert spilet ûnder lieding fan Herman Sibma:
In Perfect Peace - Kenneth Downie

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 15 septimber 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)