Muzyk Maskelyn fan 9 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan brassband 'Crescendo' fan Warkum ûnder lieding fan Marten Miedema op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. De brassband spile op sneon 21 april fan dit jier trije wurken en in koraal.

Mei fanfare 'Concordia' fan Wjelsryp sjogge wy werom nei it Frysk Fanfare Festival fan 1988. It waard hâlden yn de Rinkelbom op It Hearrenfean en technikus Jan Stellingwerff en muzykregisseur Frits Bayens makke doe de opnamen fan dizze fanfare. Under lieding fan Sjoerd de Boer spilet ek dizze fanfare trije wurken en in koraal.

De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de tredde divyzje, útfierd troch fanfare 'Oranje' fan Boalsert ûnder lieding fan dirigint Martijn Veenstra.

Oan de ein fan it programma kinne wy noch hearre nei Brassband De Wâldsang fan Bûtenpost ûnder lieding fan Rieks van der Velde op Euro Brass 2012.

Brassband 'Cresendo' fan Warkum spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
Atlantic Quest - Goff Richards
Become aware of Him - Robert Redhead
Triptych - Oliver Waespi
Macushla - arr. H.W. Glenn

Fanfare 'Concordia' fan Wjelsryp spilet ûnder lieding fan Sjoerd de Boer:
Psalm 150 - Jacob de Haan
Kleine suite voor fanfare orkest - Marcel Baars
Drie traditionele folksongs - René Pisters
Suite symétrique - Jacob de Haan

Fanfare 'Oranje' fan Boalsert spilet ûnder lieding fan Martijn Veenstra:
De Kwelgeest - Rob Goorhuis

Brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost spilet ûnder lieding fan Rieks van der Velde:
Legends of Cyfarthfa - Matthew Hall

Muzyk Maskelyn fan 9 septimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)