Muzyk Maskelyn fan 7 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan "Brassband Schoonhoven' op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Schoonhoven spile ûnder lieding fan dirigint Erik Janssen yn de A-groep (kampioensdivyzje ) freeds 2 wurken en sneons 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre.

De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de tredde divyzje, útfierd troch fanfare 'Hallelujah' fan Burgum ûnder lieding fan Johannes Weening.

'Brassband Schoonhoven' spilet ûnder lieding fan Erik Janssen:
Lament - Peter Meechan
Vita Aeterna Variations - Alexander Comitas
Flashlight - Jan van der Roost
Timpani Concerto no. 1 - James Oliverio / arr. Rolf Verbeek / solist: Niels Verbeek
A Gealic Blessing - John Rutter / arr. John Barry
A Psalm of Praise ( Psalm 100) - James Curnow

Fanfare 'Hallelujah' fan Burgum spilet ûnder lieding fan Johannes Weening:
De Kwelgeest - Rob Goorhuis

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 7 oktober 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)