Muzyk Maskelyn fan 7 july 2013

  • Spiler wurdt laden

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer seis divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost kaam út yn de konsertdivyzje en spile fiif wurken ûnder lieding fan Rieks van der Velde. Wy ha de opnamen!

Ek opnamen út it argyf fan kopergroep 'Times' makke op 20 april 1988 yn de studio fan Omrop Fryslân oan de Grienewei yn Ljouwert. De Kopergroep bestie doe út Gert Jan Loot en Piet Bergsma op trompet, Nynke Klijn Hesselink op hoarn, Sjoek Nutma op trombône en Johannes Reijenga op bas. Wy litte hjoed in part fan de opnamen hearre dy't makke binne troch technikus Fred Steusel en muzykregisseur Jan Holtrop.

Brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost spilet ûnder lieding fan Rieks van der Velde:
Intrada Ein' feste Burg - Ray Farr
Don't doubt him now - L. Ballentine / arr. Craig Woodland
Electra - Martin Ellerby
O Magnum Mysterium - Morten Lauridsen
Red Priest - Philip Wilby

Kopergroep 'Times' spilet:
Canzona per sonare no.4 - G. Gabrieli / arr. G. Page
The girl with the flaixen hair - Claude Debussy / arr. G. Kulesha
Gladiolus rag - Scott Joplin / arr. John Iveson
Tuba Tiger Rag - Harry Da Costa / arr. Luther Henderson

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 7 july 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)