Muzyk Maskelyn fan 7 april 2013

  • Spiler wurdt laden
  • De Jouster Fanfare op it poadium fan de Drachster Lawei

Dit wykein wie yn Drachten de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen en Omrop Fryslân hat opnamen makke fan dit barren.
De 31 orkesten wiene oer 5 divyzjes ferdield en de prestaasjes waarden beoardiele troch in blyndearre sjuery.
Hjoed litte wy de winners hearre fan de 1e oant en mei de 5e divyzje. De winst yn de 1e divyzje ( 5 orkesten, 1 Frysk orkest ) gong nei fanfare Kunst na Arbeid út Lunteren. Under lieding fan Erik Kluin helle dit orkest 88 punten mei de útfiering fan it ferplichte wurk 'Heaven on Earth' fan Maurice Hamers.
Der wie ek in krityske noat fan sjuerylid Jan de Haan oer it skrappen fan it radioproramma Muzyk Maskelyn en de HaFaBra opnamen yn de provinsje.

Fanfare Kunst Na Arbeid út Lunteren spilet ûnder lieding fan Erik Kluin:
Heavon on Earth - Maurice Hamers

Fanfare Excelsior út Ousterhaule spilet ûnder lieding fan Gerben Pol:
The Essence of Youth - Stijn Roels

Fanfare Tida Kira út Mûntsjesyl-Lauwerssyl spilet ûnder lieding fan Paulus de Jong:
Lydense - Rob Goorhuis

Fanfare Wilhemina út Leens spilet ûnder lieding fan Bienze IJlstra:
Dogon - Kevin Houben

Fanfare Sereno út Baflo spilet ûnder lieding fan Jan Werkman:
Country Scenes - Hans Aerts

Gearstalling: Aise van Beets
Muzykrezjy: Jan Ottevanger
Technyk: Dolf Tannemaat, Joop Scholten en Aise van Beets

https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Heaven on Earth fan komponist Maurice Hamers spile troch fanfare Kunst Na Arbeid út Lunteren ûnder lieding fan dirigint Erik Kluin

De útslach fan de 1e divyzje ONFK 2013 mei Andries de Haan en Jan de Haan

Muzyk Maskelyn fan 7 april 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)