Muzyk Maskelyn fan 5 maaie 2013

Hjoed omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen in moanne lyn holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering in Fryske prestaasje út de 3e divyzje en dy komt foar rekken fan CMV Halleluja fan Eanjum ûnder lieding fan dirigint Piet Visser. We hearre it ferplichte wurk fan de 3e divyzje, de opname is makke troch technikus Aise van Beets en muzykregisseur Jan Ottevanger op sneon 6 april. Mei 86 punten behelle dizze fanfare it 4e plak.

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy't holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Ek dêr fan hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan brassband Soli Deo Gloria fan Blije. Dizze brassband behelle ûnder lieding fan dirigint Chris van der Veen yn de 3e divyzje 87 punten en dat wie goed foar it 6e plak.

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Brassband 'Blaast de Bazuin' fan Surhústerfean kaam út yn de 3e divyzje en spile trije wurken ûnder lieding fan dirigint Aline Werkman-Schipper. Wy ha de opnamen!

Frysk Fanfare Orkest spilet ûnder lieding fan Jouke Hoekstra:
Song of Freedom - Jan de Haan

CMV Halleluja út Eanjum spilet ûnder lieding fan Piet Visser:
Lydense - Rob Goorhuis

Brassband Soli Deo Gloria út Blije spilet ûnder lieding fan Chris van der Veen:
Angel of the North - Richard Grantham

Brassband 'Blaast de Bazuin' út Surhústerfean spilet ûnder lieding fan Aline Werkman-Schipper:
There is a flower - John Rutter / arr. Klaas van der Woude
Symphonic Contrasts - Etienne Craussaz
Inspiration - Jan de Haan

Brassband De Wâldsang fan Bûtenpost spilet ûnder lieding fan Rieks van der Velde:
Hymn to the Fallen - John Williams / arr. Rieks van der Velde

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 5 maaie 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)