Muzyk Maskelyn fan 5 augustus 2012

Hjoed yn Muzyk Maskelyn de bydrage fan fanfare 'Studio' fan It Heidenskip oan it konsertkonkoers organisearre troch muzykbûn OMF fan maart dit jier. De fanfare stiet ûnder lieding fan Marten Miedema en spilet trije wurken. Fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen 2011 ha wy al in soad hearre kinnen, yn dizze útstjoering de bydrage fan brassband 'Ere zij God' fan Damwâld ûnder lieding fan Gerben Huizinga út de fjirde divyzje. Ek opnamen út it argyf fan it 27e Parktsjerke Brassband Festival. Op 1 febrewaris 1992 hawwe technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker opnamen makke fan dit festival. Hjoed opnamen fan brassband 'Euphonia' fan Wolvegea ûnder lieding fan Durk Annema en brassband 'Looft den Heer' fan Garyp ûnder lieding fan Hille van Hijum.

Fanfare 'Studio' fan It Heidenskip spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
As the Deer - Martin Nyström
Trimbeka - Carl Wittrock
Alpina Saga - Thomas Doss

Brassband 'Ere zij God' fan Damwâld spilet ûnder lieding fan Gerben Huizinga:
Evolution - Five States of Change - Philip Sparke

Brassband 'Looft den Heer' fan Garyp spilet ûnder lieding fan Hille van Hijum:
Legend in Brass - James Curnow

Brassband 'Euphonia' fan Wolvegea spilet ûnder lieding fan Durk Annema:
Crimond - arr. H. Oldenstyl
Cortège from Mlada - Korsakov
The Light of the world - J. Dean Goffin

Gearstalling: Aise van Beets
Alle opnamen út dizze útstjoering kinne jo ek hearre op ús ynternetstjoerder http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 5 augustus

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)