Muzyk Maskelyn fan 4 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it twadde part fan it optreden fan brassband 'Alkmaar Brass' fan Alkmaar ûnder lieding fan Alexander Zwaan op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden op freed 20 april en sneon 21 april fan dit jier yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp.

Mei de 'Fryske Festival Fanfare' sjogge wy werom nei it Frysk Fanfare Festival fan 1988. It waard hâlden yn de Rinkelbom op It Hearrenfean en technikus Jan Stellingwerff en muzykregisseur Frits Bayens makke doe de opnamen fan dizze fanfare. De 'Fryske Festival Fanfare' stiet ûnder lieding fan Tijmen Botma.

Fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen hjoed de bydrage fan fanfare "CWO' fan Grins út de earste divyzje. Ûnder lieding fan dirigint Thom Zigterman spilet it orkest it ferplichte wurk. De kampioenskippen waarden hâlden op freed 27 en sneon 28 april fan dit jier yn De Lawei fan Drachten.

Brassband 'Hosannah' fan Ljouwert spile yn 1985 op it Nasjonaal Brassband Festival yn de Jaarbeurs Kongresseal yn Utert. De spile ûnder lieding fan Folkert Fennema en snein litte wy in part fan de opnamen hearre.

'Alkmaar Brass' fan Alkmaar spilet ûnder lieding fan Alexander Zwaan:
Fat & Crazy - Dennis Armitage / solist op kornet: Jan-Albert de Leur en solist op trombône: Ger Icke
Triptych - Oliver Waespi

De 'Fryske Festival Fanfare' spilet ûnder lieding fan Tijmen Botma:
Monuments of the Netherlands - Louis Andriessen
Patterns - Edward Gregson

Fanfare 'CWO' fan Grins spilet ûnder lieding fan Thom Zigterman:
Spectrum of the Sky - Jan de Haan

Brassband 'Hosannah' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Folkert Fennema:
Fantasy Variations - L. Pearson
March Mûhledorf - Derek Broadbent

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 4 novimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)