Muzyk Maskelyn fan 31 maart 2013

  • Spiler wurdt laden

Op freed 29 maart begjint by Omrop Fryslân de tredde edysje fan it Nostalgywykein. Ek peaskemoandei stiet noch yn it teken fan de nostalgy, dus dat betsjut fjouwer dagen lang de moaiste nostalgyske muzyk, de bêste oantinkens en unike opnamen út it rike radio- en televyzje-argyf fan de RONO, Radio Fryslân en Omrop Fryslân. Sintraal stean de jieren 60, 70, 80.
Ek Muzyk Maskelyn komt dit wykein út de âlde doaze mei opnamen fan de ferneamde Black Dyke Band út Queensbury, makke yn de sporthal fan Wolvegea yn 1985.
De band út Engelân stie doe ûnder lieding fan Derek Broadbent en joech har fisitekaartsje ôf troch in prachtich konsert.

De Black Dyke Mills Band spilet ûnder lieding fan Derek Broadbent:
King's Hunting Jig - John Bull
Contest Music - Wilfred Heaton
Barn Dance - Philip Sparke
Serenade - Derek Bourgeois
Rule Brittania - John Hartmann
Song of Liberation - Jacob de Haan
Romance - Sjostakovitsj / arr. Derek Broadbent
Queensbury - James Kaye
Blenheim Flourishes - James Curnow
Tara's Theme - Max Steiner / arr. Alan Catherall

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 31 maart 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)