Muzyk Maskelyn fan 30 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan brassband 'De Bazuin' fan Oentsjerk op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Oentsjerk spile ûnder lieding fan dirigint Klaas van der Woude yn de A-groep (kampioensdivyzje ) op freed 2 wurken en sneons 5 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre.

De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de twadde divyzje, útfierd troch fanfare 'Oranje' fan Dokkum ûnder lieding fan Sjoek Nutma.

Brassband 'De Bazuin' fan Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Klaas van der Woude:
Lament - Peter Meechan
Red Priest - Philip Wilby
Prelude and Chorale - Stijn Roels
Concerto for Euphonium, part I - Kenneth Downie / eufoniumsolist: Willem Kingma
Big Red - Andy Scott
Space Invaders - Andy Scott
Pasmo - New Cool Collective / arr. Klaas & Titus van der Woude

Fanfare 'Oranje' fan Dokkum spilet ûnder lieding fan Sjoek Nutma:
Hellehonden - Jan Bosveld

Gearstalling: Aise van Beets

Freed 5 oktober jout it 'Orkest Koninklijke Luchtmacht' in benefytkonsert foar de stifting 'Bewegen voor Overleven' yn in hangaar op de fleanbasis fan Ljouwert. Der is plak foar tûzen minsken en opjaan kin fia de webside http://www.bewegenvooroverleven.nl, kaarten kostje 15 euro it stik. Gastoptreden is ûnder mear fan de Fryske sjongeres Denise Rivera. De opbringst fan dit konsert komt hielendal ten goede fan projekten op it gebiet fan boarstkanker.

Muzyk Maskelyn fan 30 septimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)