Muzyk Maskelyn fan 30 juny 2013

Hjoed in wrâldpremjêre yn de útstjoering! Basilica Sacra skreaun troch komponist Johan de Meij is spesjaal komponeard foar de feestelike weriepening fan it Plechelmusplein yn Oldenzaal. By it komponearen is de komponist útgong fan de sfear en de romme akoestyk fan de ieuwenâlde Plechelmusbasilyk.
It wurk bestiet út fjouwer segminten dy't naadleas yn mekoar oerrinne.
Dolf Tannemaat hat de opname makke op tongersdei 20 juny, it wurk wurdt útfierd troch harmony Keninklike Semper Crescendo út Oldenzaal ûnder lieding fan Ruud Pletting mei de sangsolisten Levy Pletting en Karin Hertsenberg. Dizze produksje is ta stân kaam troch gearwurking tusken Omrop Fryslân en RTV Oost.

De opnamecrew fan Muzyk Maskelyn wie op 25 maaie fan dit jier te gast op de 18e edysje fan it Gouden Spiker Festival yn multifunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. Yn Muzyk Maskelyn litte wy de opnamen hearre dy't wy makke ha fan fanfare 'Ons Genoegen' út Marsum. It orkest spile ûnder lieding fan dirigint Douwe Veenstra en kaam út yn de 3e divyzje. It gehiele optreden dus op de radio!

Soli Brass út Ljouwert fersoarge ûnder lieding fan Piet Visser in konsert op 5 febrewaris 2005 op it Brassband Festival yn Ljouwert. It festival waard organisearre troch de yntusken ferstoane Folkert Fennema en waard holden yn skouwboarch De Harmonie.
In part fan de opnamen makke troch de technisi Fred Steusel en Aise van Beets en muzykregisseur Jan Ottevanger litte wy hjoed hearre!

De keninklike muzykferiening 'Semper Crescendo' út Oldenzaal spilet ûnder lieding fan Ruud Pletting:
Basilica Sacra - Johan de Meij

Fanfare 'Ons Genoegen' út Marsum spilet ûnder lieding fan Douwe Veenstra:
Catico de le Creature ( Liet 400 ) - Sierd de Boer
Concordia - Eric Swiggers
Tenormaniac - Koos Mark / solist op tenorsaksofoan: Erik Hoek
O Vitinho - Marcha Portuguesa - Francisco Marques Neto

Soli Brass út Ljouwert spilet ûnder lieding fan Piet Visser:
Finale from Faust - Charles Gounod / arr. Ray Woodfield
Korset - Trad. / arr. Dag Egil Njaa
Bacchanale from Samson and Delilah - Camille Saint Saëns / arr. Keith Wilkinson
My love is like a Red Rose - Trad. / arr. Gordon Langford

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 30 juny 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)