Muzyk Maskelyn fan 30 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Prijst den Heer' fan Tsjom ûnder lieding fan Marten Miedema op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. De brassband spile op freed 20 april fan dit jier.

Hjoed ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Pro Rege' fan it Hearrenfean op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
Brassband 'Pro Rege' út it Hearrenfean spile ûnder lieding fan dirigint Siemen Hoekstra yn de B-groep 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it earste wurk hearre en oer twa wiken de rest fan it optreden.

Op freed 27 april en sneon 28 april wie de twadde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen yn de Lawei fan Drachten.Martiniplaza fan Grins. 31 Fanfares spilen ferdield oer 5 divyzjes om de heechste ear. Mei 91 punten wie it twadde plak foar fanfare 'Emergo' fan Kastrikum, hjoed litte wy dy útfiering hearre. De fanfare stiet ûnder lieding fan dirigint Erik van de Kolk.

Brassband 'Prijst den Heer' fan Tsjom spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
The water is wide - Magne Rutle
Tell Him - arr. Klaas van de Woude mei de solist op kornet Lieneke Tamminga en solist op bugel Anke Tjalsma
Masurische Suite - Kurt Georg Widorsky
Pendennis - Goff Richards

Brassband 'Pro Rege' fan it Hearrenfean spilet ûnder lieding fan Siemen Hoekstra:
Tallis Variations - Philip Sparke

Fanfare 'Emergo' fan Kastrikum spilet ûnder lieding fan Erik van de Kolk:
Spectrum of the Sky - Jan de Haan

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 30 desimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)