Muzyk Maskelyn fan 3 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden
  • Ulbe Boes nimt ôfskied fan it muzykbûn OMF

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. De fanfare 'Joost Wiersma-B' fan Jistrum kaam út yn de 5e divyzje en spile 3 wurken ûnder lieding fan Gerben Dijkstra. Wy ha de opnamen!

Hjoed yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Opsterland' út Bakkefean ûnder lieding fan Gerk Huisma op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. De brassband spile op freed 20 april fan dit jier.

Ek opnamen út it argyf fan fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein makke op 30 maart 1992 yn de herfoarme tsjerke fan Easterein. It orkest stie doe ûnder lieding fan Tseard Verbeek. Wy litte hjoed twa opnamen harre dy't makke binne troch technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker.

Ulbe Boes fan Goutum stoppet nei 40 jier as bestjoerslid fan it muzykbûn OMF. Hy bliuwt 'm wol ynstten foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen en it jierlikse falentijnskonsert fan brassband 'De Bazuin' út Oentsjerk. Fan it konsert fan 2012 litte wy yn dizze útstjoering wat hearre.

Op freed 27 april en sneon 28 april wie de twadde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen yn de Lawei fan Drachten. 31 Fanfares spilen ferdield oer 5 divyzjes om de heechste ear. Mei 85 punten wie it 7e plak foar fanfare 'Concordia' fan Middelstum, hjoed litte wy dy útfiering hearre. De fanfare stiet ûnder lieding fan de Fryske dirigint Siemen Hoekstra.

Fanfare 'Joost Wiersma-B' fan Jistrum spilet ûnder lieding fan Gerben Dijkstra:
No.27 'Ellacombe' út 120 Hymns
Astro Suite - Eric Swiggers
Southwinds - Douglas Court

Brassband 'Opsterland' fan Bakkefean spilet ûnder lieding van Gerk Huisma:
On Wings of Liberty - Rob Goorhuis
Demelza - Hugh Nash
Masurische Suite - Kurt Georg Widorsky

Fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein spilet ûnder lieding fan Tseard Verbeek:
Der Mond ist aufgegangen ( Liet 391 ) - arr. Jacob de Haan
Rondo für Soloposaune und Blasorchester - Herbert Ferstl / trombône Mennald van der Eems
Petite Ouverture Dansante - Henk van Lijnschoten

Brassband 'De Bazuin' fan Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Klaas van der Woude:
Pasmo - New Cool Collective / arr. Titus en Klaas van der Woude

Fanfare 'Concordia' fan Middelstum spilet ûnder lieding fan Siemen Hoekstra:
Spectrum of the Sky - Jan de Haan

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 3 febrewaris 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)