Muzyk Maskelyn fan 28 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan brassband 'Alkmaar Brass' fan Alkmaar ûnder lieding fan Alexander Zwaan op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden op freed 20 april en sneon 21 april fan dit jier yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp.

Mei de 'Fryske Festival Fanfare' sjogge wy werom nei it Frysk Fanfare Festival fan 1988. It waard hâlden yn de Rinkelbom op It Hearrenfean en technikus Jan Stellingwerff en muzykregisseur Frits Bayens makke doe de opnamen fan dizze fanfare. De 'Fryske Festival Fanfare' stiet ûnder lieding fan Tijmen Botma.

Op 3 juny 1993 hawwe opnamen makke fan it blazerskollektief 'De Styl' yn de Vrij Evangelische Tsjerke yn Ljouwert. Technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker hawwe de opnamen makke fan dit blazerskollektief ûnder lieding fan Jan Holtrop. Hjoed litte wy dizze opnamen noch ris hearre op de radio!

'Alkmaar Brass' fan Alkmaar spilet ûnder lieding fan Alexander Zwaan:

Minneapolis IV - Emil Söderström
The witch of the Westmerlands - arr. Philip Harper

De 'Fryske Festival Fanfare' spilet ûnder lieding fan Tijmen Botma:

Stromingen - Henk van Lijnschoten
Twilight Serenade - Kees Schoonenbeek

Blazerskollektief 'De Styl' spilet ûnder lieding fan Jan Holtrop:

Old French Dances - arr. Peter Reeve
a. Allemande - Claude Gervaise
b. Gaillarde - Pierre d' Attaignant
c. Pavane Passamaize - Claude Gervaise
d. Basse Danse 'La Volunté' - Claude Gervaise

Five movements from Divertimento - Raymond Premru

A Londoner in New York - Jim Parker

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 28 oktober 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)