Muzyk Maskelyn fan 26 augustus 2012

  • Spiler wurdt laden

Op 27 maaie 1992 hat Omrop Fryslân opnamen makke fan it Burgumer Manlju's Koar yn de grifformearde tsjerke fan Burgum. It koar stie eartiids ûnder lieding fan Romke Rusticus en de opnamen binne makke troch technikus Bart Henni en muzykregisseur Piebe Bakker. Yn dizze útstjoering trije stikken, de piano wurdt bespile troch Afke Wijngaarden.
Op freed 20 en sneon 21 april dit jier waard foar de 17e kear it Gouden Spiker Festival hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier" yn Oerterp. Hjoed litte wy de opname hearre fan brassband 'Ere zij God' út Damwâld. Dit orkest kaam út yn de 4e divyzje en stiet ûnder lieding fan Gerben Huizinga. De brassband fan Damwâld spilet fjouwer wurken.
Ek yn Muzyk Maskelyn de bydrage fan fanfare 'De Bazuin' fan Winsum oan it konsertkonkoers organisearre troch muzykbûn OMF fan maart dit jier. De fanfare stiet ûnder lieding fan Henk Smit en spilet trije wurken.

It Burgumer Manlju's Koar sjongt ûnder lieding fan Romke Rusticus en mei begelieding op piano fan Afke Wijngaarden:
Ruth - Fedde Schurer / arr. Rome Rusticus
I'll wish I had given him more - Grace Reed Adkins / arr. Eugene Clark
Psalm 121 - arr. Jelle Nauta

Brassband 'Ere zij God' fan Damwâld spilet ûnder lieding fan Gerben Huizinga:
Triptych - Oliver Waespi
As the deer - arr. Andrew R. Mackereth
One day in your live - arr. DAarrol Barry / solist op althoarn: Lammert van der Kooi
Band of Parade - V. Lingo

Fanfare 'De Bazuin' fan Winsum spilet ûnder lieding fan Henk Smit:
Abide with me - William Monk
Elegy I - Jacob de Haan
Overture Concertante - Rob Goorhuis

Muzyk Maskelyn fan 26 Augustus

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)