Muzyk Maskelyn fan 25 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden
  • Fanfare 'Wilhemina' fan Easterein

Op moandei 5 novimber binne Frederik Kampstra, Wessel de Koning en Aise van Beets mei de reportaazjewein útrukt nei Easterein. Fanfare 'Wilhelmina' wie earder dit jier tidens de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen nominearre foar in opname by Omrop Fryslân radio. Hjoed it twadde part fan de opnamen yn Muzyk Maskelyn.

Ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Looft den Heere' fan Wurdum ûnder lieding fan John Blanken op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. De brassband spile op sneon 21 april fan dit jier.

Op sneon 10 novimber wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Dizze organisaasje hie in nije ynfolling fan de jûn betocht en hiene de winners fan it solistekonkoers 'De Klank fan Fryslân' útnoege. De Fryske Jeugd Brassband ûnder lieding fan Paulus de Jong mocht de marimba solist Pieter Mark Kamminga begeliede. Wy ha de opnamen!

Fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein spilet ûnder lieding fan Pieter Bosma:
Locus Iste - Anton Bruckner, arr. Ton van Grevenbroek
Scherzo - Meindert Boekel
Elvis in concert - arr. Peter Kleine Schaars

Brassband 'Looft den Heere' fan Wurdum spilet ûnder lieding fan John Blanken:
Samuel - arr. John Blanken
Rhapsody for Euphonium - James Curnow / solist op eufoanium: Marit van der Velde
Darkness Visible - Richard Grantham
The Centurion - Philip Sparke

De 'Fryske Jeugd Brassband' spilet ûnder lieding fan Paulus de Jong:
Deep Harmony - arr. Jan Geert Nagel / solist op marimba: Pieter Mark Kamminga
Concerto for Marimba and Orchestra - Ney Rosauro / solist op marimba: Pieter Mark Kamminga

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 25 novimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)