Muzyk Maskelyn fan 25 augustus 2013

Kerkrade stie yn de moanne july yn it teken fan it Wrâld Muzyk Konkoers. Tal fan orkesten wiene te gast yn de Rodahal en it Parkstad Limburg Teater, sa ek fanfare 'Excelsior'' fan Gryptsjerk. Dizze kristlike muzykferiening spile ûnder lieding fan Andries de Haan en kaam út yn de tredde divyzje. It orkest behelle mei harren optreden it earste plak en de opnamen litte wy hjoed hearre. De opnamen binne makke op sneon 13 july yn it Parkstad Limburg Teater yn Kerkrade.

Op freed 7 juny en sneon 8 juny spile "Soli Brass' út Ljouwert op de 12e edysje fan it Euro Brass Drachten festival. De band spile ûnder lieding fan dirigint Anne van den Berg de freeds twa wurken en de rest fan it programma op de sneon lykas de rest fan de brassbands út de A-groep.
Hjoed yn Muzyk Maskelyn litte wy it freeds optreden fan dizze brassband út Ljouwert hearre.

Fanfare 'Excelsior' fan Gryptsjerk spilet ûnder lieding fan Andries de Haan:
Deep Harmony - arr. Menno Haantjes ( Ynspylwurk )
Five States of Change - Philip Sparke ( Ferplicht wurk )
De Ruigewaard - Jan de Haan ( Keuze wurk )

Brassband 'Soli Brass' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
Simoraine - Clive Barraclough
Between the Moon and Mexico - Philip Sparke

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 25 augustus 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)